.

Fûgels (akoestyske ferzje) Lyrics

Kom en nim my by de hân,
Lit it gean, it swier en dreech ferstân
De sinne skynt, ja dy skynt ek foar dy.
Leauw yn dy sels en fiel dy fûgelfrij
Leauw yn dy sels en fiel dy fûgelfrij.
Hâlde dyn tinzen dy donker en sa del
Lúster dan nei wat ik dy fertel,
Sjoch nei de loft, it blau, de wolken, lit dy gean.
Folgje de fûgels, do kinst se ferstean
Folgje de fûgels, do kinst se ferstean.

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy,
De leafde is sa krêftich, it makket dy frij.
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne.
'T is betiiden ûnwerklik en sa swier
ynteresearret it dy gjin iene sier.
Lit it los en sjoch omheech
de pine ferdwynt en meitsje dy leech
de pine ferdwynt en meitsje dy leech.

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy,
De leafde is sa krêftich, it makket dy frij.
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne.
Fûgels bin oeral, romtlik en frij,
Hun roppen fertelt hiel wat oan dy en my
Al is de dei sa tjuster, en docht it ljocht dy sear.
De fûgels fertelle ús, der is sa folle mear
De fûgels fertelle ús, der is sa folle mear.

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy,
De leafde is sa krêftich, it makket dy frij.
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea allinne
Report lyrics