.

Fryslân Lyrics

De eilânnen sa prachtich, mei 't goudgele strân
De stoere grutte d***n, om it fêste Fryske lân
En dan de man fan stien, as in beaken op 'e dyk.
As ynwenner fan Fryslân fiel ik my sa ryk
As ynwenner fan Fryslân fiel ik my sa ryk.
De maitiid kleuret de greiden, yn grien, geel en wyt
Ik sjoch de ljippen yn 'e loft en hear hun frjemde liet
De fûgels, de kij en de hynders yn it fjild.
Ik gean hjir nea wer fuort, ferruilje Fryslân foar gjin jild
Ik gean hjir nea wer fuort, ferruilje Fryslân foar gjin jild.
Fryslân, lyts plakje op de greate wrâld
Do bist sa bysûnder, do list my net kâld
Dyn marren en dyn greiden, ja alles rûnom dy.
As ik fier fan hûs bin, tink ik faak oan dy
As ik fier fan hûs bin, tink ik faak oan dy.

Skûtsjes sile prachtich oer de fryske mar
Se bin yn kompetysje, mar fermeitsje har
De keatsers bin striidfeardich, wa hat de bêste hân.
In kening, dy wurdt keazen op it Sjûkelân
In kening, dy wurdt keazen op it Sjûkelân.
Fryslân, lyts plakje op de greate wrâld
Do bist sa bysûnder, do list my net kâld
Dyn marren en dyn greiden, ja alles rûnom dy.
As ik fier fan hûs bin, tink ik faak oan dy
As ik fier fan hûs bin, tink ik faak oan dy
Report lyrics