.

Fûgels Lyrics

Kom en nim my by de hân
Lit it gean it swier en dreech ferstân
De sinne skynt, ja dy skynt ek foar dy
Leauw yn dysels en fiel dy fûgelfrij
Leauw yn dysels en fiel dy fûgelfrij
Hálde dyn tinsen dy donker en sa del
Lûsterje dan nei wat ik dy fertel
Sjoch nei de loft, it blau, de wolken, lit dy gean
Folgje de fûgels, do kinst se ferstean
Folgje de fûgels, do kinst se ferstean

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy
De leafde is sa kreftig, it makket dy frij
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea alinne
It is bytiden ûnwerklik en sa swier
yntersearret it dy gjin iene sier
lit it los en sjoch omheech
De pine ferdwynt en meitsje dy leech
de pine ferdwynt en meitsje dy leech

Meitsje romte foar leafde, de leafde yn dy
De leafde is sa kreftig, it makket dy frij
Sa frij as in fûgel, de fûgels om dy hinne
Ja, fiel dy as in fûgel en do bist nea alinne
Fûgels binne oeral romtlik en frij
De roppe fertelt hiel wat oan dy en my
Al is de dei sa tsjuster en docht it ljocht dy sear
De fûgels fertelle ús dêr is safolle mear

Report lyrics