.

Dat waarme hert Lyrics

DAT WAARME HERT

de tiid dat it nachts tafriest
fynt sy har waarme hert werom
siket de redens, siket fjoer
en giet oer lange fearten
blom fan froast, rook fan iis
se komme oan mei dizze noardewyn
alles swijt en allinne te riden
as snie de himel ynlûkt
reid dat bûcht, izer flammet,
it tinken kleuret winterblau
en sy rydt fier de frije wrâld yn
op sterk iis streket hout

de feart in mar fan widens
fynt sy har paad yn it ljocht fan snie
dit binne de dagen sûnder wekken
langstme triuwt har yn 'e rêch

se wit: se rydt it lêste
wa 't waarm is, komt tichterby
de iisfûgel dûnset nei syn jûne
en leafde is it hert deunby
Tekst: Albertina Soepboer
Muziek: Pedro Rodrigues
Report lyrics