.

As it jo wil is Lyrics

As it jo wil is
Dat ik gjin taal mear hie
En myn stim stil is
Sa as it eartiids wie
Dan sil ik swije
Sa dat it stil is
In wink sil ik krije
As it jo wil is
As it jo hân is
De wiisheid no
Fan 't fertoarke strân is
Dan sjonge ik foar jo
Hoe 't it fertoarke strân is
It liet op 'e tonge
As it jo wil is
Lit my dan sjonge
En as it wurd wier is
En stimmen ferstomme

Elts jubeljend blier is
Lit de floed dan mar komme
En as it dan stil is
En doelleas de siel
As it jo wil is
Meitsje ús hiel

En as it dan stil is
En doelleas de siel
As it jo wil is
Meitsje ús hiel
En rin mei ús mei
En hâld ús fêst
Skuor ús der by
Yn it ljocht op it lest
It ferslinterjend ljocht
Dat ferpletterjend stil is
Mar de moarntiid brocht
As it jo wil is

As it jo wil is
Report lyrics
Top Gerrit Breteler Lyrics