.

Country Line Lyrics

Sis ha ik jim wolris ferteld, dat tryst ferhaal fan lytse Jelt
hoe wakker sljocht at dy wol net mei dûnsjen wie
har liif hie ritme fan komsa, hja libbe foar de cha-cha-cha
ja dûnsjen wie it alderleafste dat sy die
sy hie it ek op les besocht, har tango wie net om 'e nocht
al wie it finen fan in partner wol wat dreech
ien tweintich lang en like breed, gjin earm dy paste om sa'n reet
dus bleau it stuoltsje njonken Jeltsje meastal leech
Mar no hat sy it fûn, want elke freedtejûn
rydt ús Jeltsje op har fytske nei De Pein
en sy dûnset dêr as bêste op muzyk fan it Wylde Westen
ja, sy is no hielendal gek fan country-line

Dat foel ynearsten noch net ta, dit wie gjin foxtrot, wals of sa
nee, dit wie wurk dat kaam der echt noch wol op oan
de foet nei links en dan nei foaren, dan itselde mei de oare
wis en wier dat freget om in grut ferstân
mar Jeltsje wie net mear allinnich, fjirtich cowboys om har hinne
en allegear, fan grut oant lyts, yn fol ornaat
dus Jeltsje moast der ek oan leauwe, koe fansels net achterbliuwe
en doe earst mar om in hynder op 'n paad
En no hat sy it fûn, want elke freedtejûn
rydt ús Jeltsje op har hynder nei De Pein
en sy dûnset dêr as bêste op muzyk fan it Wylde Westen
ja, sy is no hielendal gek fan country-line

It grutste part fan Jeltsjes lean gie op oan djoere cowboyklean
in riem, in holster mei pistoal, in Stetson-hoed
in learen broek en learen learzens, swarte bloes, sa'n hiele kreazen
en echte sulveren spoaren oan 'e foet
dit duorre amper fjouwer wike en doe die it har al bliken
as der yn pearkes dûnse waard dan bleau sy oer
want Sjon dy woe it leafst mei Seije en Clint dy keas hieltyd foar Keije
jim ha wol troch dêrfan wie Jeltsje raar oerstjoer
En al liket it mar krûm, sa gie it elke freedtejûn
yn dat sealtsje by it tsjerkje fan De Pein
want cowboys lykje stoere minsken, mar sy hawwe ek har winsken
foaral as it giet om dûnsjen yn in country-line

Doe op in nacht, it wie yn de winter, trape it hynder yn in splinter
sloech op 'e rin en smiet ús Jeltsje fan 'e rêch
har lêste freon liet har ek stikke, spatte wrinzgjend oer de hikke
syn lange sturt dat wie it lêste dat sy seach
en dit waard Jeltsje slim tefolle, sy lei de lasso om 'e holle
en socht in beam, de alderheechste dy't der wie
sprong manmoedich fan 'e hikke, gûlde smoarend 'potferdikke'
har waarme triennen dripten yn de kâlde snie
Report lyrics
Dizze Stoarm (2003)
Kertier oer fiven Tullamore Dew Ik wol hjir wei Bliksem Beitske Country Line 35+ Sjoukj is dea Kloaten foar it blok De Fuotte-Fetisjist Lit jim gean Friezen In stikje ut de film Dizze stoarm Foar Sybe